Fotokollaazje fan Mozillians

Oer Mozillians

Mozillians binne minsken dy't frijwillich harren tiid besteegje oan it ferbetterjen fan de Mozilla-missy. Se binne tawijd oan it promoatsjen fan iepenheid, ynnovaasje en mooglikheden fan it web en foarmje de basis fan ús mienskip.

Dit adresboek is in helpmiddel dat it foar Mozillians makliker makket te ûntdekken wa der meidwaan, wat se dogge en hoe't jo mei se yn kontakt komme kinne. Ek kinne jo hjirtroch e-mailkommunikaasje fan Mozilla ûntfange.

Dizze funksjes, en oare, binne op dit stuit yn ûntwikkeling. As jo ús hjirby helpe wolle, lês dan hoe't jo meidwaan kinne.

Privacy foarop

Privacy is fan it alderearste begjin ôf in wichtich ûnderdiel west fan dit adresboek. Wy wolle der wis fan wêze dat wy Mozillians fan de bêst mooglike ûnderfining foarsjen, fan de wize wêrop de website boud is oant de wize wêrop wy foar nije brûkers garant stean eardat se tagong hawwe ta gegevens dy't allinnich foar oare Mozillians tagonklik binne. Lês ús privacybelied foar mear ynformaasje.

Meidwaan

It mienskipsadresboek is ek in mienskipsprojekt, en jo help by it fierder ferbetterjen of it yntegrearjen derfan yn oare helpmiddelen foar de mienskip is wolkom. Nim kontakt mei ús op fia de Mozillians-foarums om te learen hoe.

Back to top